Harnzer skoalbern krije les yn Tall Ships
Harnzer skoalbern krije les yn Tall Ships
Skoalbern fan Harns wurde dizze wike entûsjast makke foar de Tall Shipsrace dy't de stêd begjin augustus wer oandocht. De 1700 learlingen fan de basisskoallen yn de stêd krije yn de haven les oer de skippen en en alles wat dêromhinne bart.
Mei it programma Sail In Zicht wol de organisaasje de bern alles bybringe oer it libben op see, yn it Waadgebiet en yn Harns sels. Alle skoallen hawwe as tarieding in skatkiste krigen mei in lesprogramma.
Jan Holstein
It sintrale tema is it ferhaal fan it deiboek fan Jan Holstein. Dat leit op it stuit yn museum Hannemahûs yn Harns. It giet oer in jonkje dat ek op see wie.
Underdiel fan it lesprogramma is in besite oan it entrepot-gebou yn de Willemshaven yn Harns. Dêr rint it projekt Sail InZicht. Minsken fertelle dêr oer de grutte sylskippen en it libben op see. Learlingen fan RSG Simon Vestdijk en de Maritieme Academie spylje dêrby ek in aktive rol. Sa leare se de bern knoopjen en binne der escaperooms dêr't riedsels oplost wurde moatte om derút te kommen.
Reportaazje fan Hayo Bootsma

LF 2018
Omrop Fryslân jout rom omtinken oan Ljouwert-Fryslân 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa. Yn 'e foarm fan reportaazjes, nijsartikelen en resinsjes. Alles wurdt sammele op Omropfryslan.nl/2018.
De Kulturele Haadstêd-produksjes binne mei mooglik makke troch de Provinsje Fryslân.