Wettercrassula soarget noch altyd foar problemen op Skylge

09 jul 2018 - 14:28

It slagget mar net om de wettercrassula fuort te krijen út de dunen fan Skylge. Sterker noch, de plant is no ek op in twadde plak oantroffen op it eilân. De wettercrassula komt oarspronklik út Australië en ferstikt oare seldsume planten.

As it plantsje net ferneatige wurdt, soe dat foar dit gebiet in ramp weze en it predikaat 'heech ekologysk gebiet' ferlieze, seit boskwachter Remi Hougee fan Skylge.

Om dat foar te kommen wurdt no alles op alles set om foar altyd de wettercrassula fuort te heljen. Grutte stikken fan de dunen moatte hjirfoar ôfgroeven wurde en dat kostet in soad jild.

Trefwurden: 
Skylge wetterkrassula
(advertinsje)
(advertinsje)