Assistint-skiedsrjochter Zeinstra mei noch dreame fan WK-finale

09 jul 2018 - 13:18

Assistint-skiedsrjochter Erwin Zeinstra fan Dronryp makket noch altyd kâns om yn aksje te kommen yn de finale fan it WK fuotbal yn Ruslân. Moandei waard bekend dat fuotbalbûn FIFA in tal skiedsrjochterteams nei hûs stjoerd hat, mar dat it team dêr't Zeinstra by heart noch bliuwe mei. Dat betsjut dat Zeinstra yn de einfaze fan it toernoai mooglik noch ynset wurdt.

De finale fan it wrâldkampioenskip wurdt snein spile yn de Russyske haadstêd Moskou. De treastfinale om it tredde plak is sneon yn Sint-Petersburg.

Trefwurden: 
fuotbal WK Erwin Zeinstra
(advertinsje)