RIVM: Lânbougebieten hawwe kwealik ynfloed op sûnens

09 jul 2018 - 13:04

Minsken dy't flakby lânbouperselen wenje, binne net minder sûn as oaren. Mei dy konklúzje komt it RIVM (Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu), dy't hjir mearjierrich ûndersyk nei dien hat yn gearwurking mei de Universiteit Utrecht en it Nivel (Nederlands instituut voor onderzoek van de gezondheidszorg).

Oanlieding foar dit ûndersyk wie in telefyzjedokumintêre oer de bollestreek, wêryn't wol sa'n ferbân like te wêzen. No docht bliken dat de sûnens tichteby lânbouperselen gemiddeld sels wat better is as earne oars. Wol is der oanlieding foar fierder ûndersyk, benammen oer de mooglike ynfoed fan maisbou op de luchtwegen.

Anton Rietveld, ûndersiker fan it RIVM

It ûndersyk hat him rjochte op de sûnens fan minsken yn relaasje ta de gewaaksen dy't by har yn de buert ferboud wurde. De brûkte bestridingsmiddels binne dêryn net meinaam. Dat bart yn in oar ûndersyk dat parallel hjiroan útfierd wurdt en dêr't letter de útkomsten fan presintearre wurde.

Trefwurden: 
lânbou sûnens RIVM
(advertinsje)
(advertinsje)