Ferfelende stappers oanhâlden yn Grou

09 jul 2018 - 12:21

De plysje yn Grou hat it sneintenacht drok hân mei trije stappers. It trio, in 39-jierrige frou en in 40-jierrige man út it doarp en in 26-jierrige man út Drachten, wie út in hoarekagelegenheid stjoerd. Op strjitte bleaune se ferfelend en woene se net nei de plysje lústerje.

Uteinlik hat de plysje it groepke oanhâlden. Mei in proses-ferbaal foar it fersteuren fan de iepenbiere oarder yn 'e bûse, binne se letter nei hûs stjoerd.

(advertinsje)
(advertinsje)