Kâns op glêde diken troch reinwetter

09 jul 2018 - 12:12

Ferkear moat tiisdei rekken hâlde mei glêde diken. It sil tiisdei foar it earst sûnt lange tiid wer reine, en trochdat it wikenlang drûch west hat, binne in soad diken fersmoarge troch oalje en rubber. As se dan goed wiet wurde, kin der in glêd filmlaachje op de dyk ûntstean. Foaral motorriders en fytsers moatte hjir foar oppasse.

De measte rein wurdt tiisdeitemoarn ferwachte. Middeis is it wer drûch. Troch it riden falle drippen lekkende oalje, oare floeistoffen en lytse rubberdieltsjes op de wei, seit Jan Bansema fan garaazje Haaima yn Ljouwert. Dat komt by it stof dat ek op de dyk leit. As it geregeld reint, spielt dat wol fuort. Mar, om't is no al sa lang drûch is, bliuwt it op de wei lizzen. As it dan wol reint kin it sjippeglêd wurde op de dyk.

Bannen op spanning en net te hurd ride

Wat kinst deroan dwaan? Alderearst de bannen op de spanning bringe. En net hurd ride, seit Bansema. As it hurd reint en der leit allegearre skûm op de dyk, pas dan op foar glêdens. It moaiste soe wêze dat der yn ien kear in bêste bui komt. Dan hâldt elkenien der rekkening mei wat faasje oanbelanget en dan spielt de smoargens it gauste fuort. By lytse buikes is de kâns oanwêzich dat it langere tiid glêd bliuwt. En as it reint: hâld ôfstân, want it kin samar misgean, sa advisearret Jan Bansema.

Jan Bansema fan garaazje Haaima oer glêde diken

Trefwurden: 
rein drûchte
(advertinsje)