SC Hearrenfean wol skea bommelding ferhelje

09 jul 2018 - 11:18

SC Hearrenfean wol de skea fan de falske bommelding fan ferline wike ferhelje op de dieders. Dat seit wurdfierder Erik Koffman fan de fuotbalklup. "Wy wolle sa gau as mooglik boppe wetter ha wat no krekt de eksakte skea is. Sadree't dat dúdlik is, sille wy besykje dat te ferheljen op de dieders".

Foto: CAMJO media

Ferline wike woansdei waard it Abe Lenstra Stadion en de direkte omjouwing ôfsletten, neidat der in melding binnenkaam dat der in bom ûntploffe soe yn it stadion. Der is troch de plysje mei speurhûnen socht, mar der waard neat fûn.

Letter die bliken, dat it om in út de hân rûne grap gie. Trije minderjierrige jonges út it suden fan it lân, fan 13 en 15 jier, binne derfoar troch de plysje oppakt.

(advertinsje)