Resinsje: "Conference of the Birds: minsken kom jim nêst út!"

09 jul 2018 - 09:56

Ljouwert-Fryslân is Kulturele Haadstêd fan Europa en dus stiet ús provinsje yn 2018 bol fan de kulturele eveneminten. Toaniel, teäter, muzyk, festivals en gean mar troch, it kin net op. Dêrom stjoere we ús omroppers nei ferskate fan dizze foarstellingen ta as resinsint.

Wa bisto?
Froukje Sijtsma

Wat is dyn funksje by Omrop Fryslân?
Redakteur en ferslachjouwer nijs en kultuer

Wat hasto mei kultuer?
Ik hâld bot fan lokaasjesteäter, benammen simmerdeis mei it seizoen fan de iepenloftspullen. Ik fyn it moai as keunstners doarre te eksperimintearjen. Fierder gean ik graach nei musea en hâld ik fan arthousefilms. It hoecht net allegear moai te wêzen, in ferhaal mei ek ferkeard ôfrinne en ta neitinken oansette.

Wêr hasto hinne west?
De premjêre fan Conference of the Birds, yn natuergebiet de Griene Stjer yn Ljouwert.

Hoefolle stjerren?
Fjouwer. Prachtige performance mei teäter, dûns en muzyk op toplokaasje. Ferhaalline wolris dreech nei te kommen.

Foto: Erikjan Koopmans

Minsken yn de Ljouwerter wyk Camminghabuorren krigen foarige wike al in lyts foarpriuwke fan it LF2018-spektakel Conference of the Birds. Ek by ús yn de eftertún wienen de repetysjes yn de fierte te hearren. Sneontejûn om 21 oere hinne sette wy mei ús beiden ôf nei natuergebiet de Griene Stjer. Op de fyts fansels. Harkjend nei de fûgels dy't wy ûnderweis tsjinkomme. Manleaf hat noch nea nei lokaasjeteäter west, mar wol dat yn it ramt fan Kulturele Haadstêd graach ris ûndernimme.

Wy sette ús fytsen ûnder in beam oan it wetter en rinne oer in entree fan houten planken in grut fûgelnêst yn. Yninoar flochten tûken sitte smûk om ús hinne, as binne wy fûgels yn in nêst. It is bysûnder om 2.500 minsken ôfwachtsjend sitten te sjen. Allegear benijd nei wat dizze útferkochte premjêre yn de natuer ús bringe sil.

Foto: Erikjan Koopmans

De skimer set stadichoan yn. Trije froulju stean op it yntym ferljochte poadium. Ferklaaid as fûgels, mei fearren fan rôze linten tule. "Wat is het stil, hé?", seit ien. Komponist Sytze Pruiksma slacht op syn digitale drum en it lûd ferspriedt him driigjend oer it hiele nêst. It is stil. Stil, om't de fûgels weibliuwe. De fûgels dy't net mear genôch ynsekten en oar fretten fine kinne om yn libben te bliuwen.

Stilte, feroarsake troch de minsken har wize fan libjen, sa stelle de fûgels. "Het komt door die pesticiden, door het intensieve maaien. Door jullie mensen en de manier waarop jullie leven." It moat oars. mar hoe? Wa nimt it foartou? In pear guozzen fleane oer, as hearre se by it stik. Ik sjoch nei de fleantugen dy't heech yn 'e loft, út ferskate rjochtingen oerfleane. Wy minsken binne altyd yn beweging. Warber, wêrmei?

Foto: Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma

"Te druk met Instagram. Ik ben te oud hoor, laat de volgende generatie maar met een oplossing komen. Joh, ik heb wel wat anders te doen. Nee, de politiek, die moet ingrijpen!" Tal fan ferlechjes om foaral sels net fan de bank te kommen en yn aksje te kommen, snetterje yn echo foarby. It lûd fan de drum galmet der hystearysk trochhinne, reade sirenes swaaie. Tal fan dûnsers bewege har der ekstatysk omhinne.

Sytze Pruiksma by Conference of the Birds - Foto: Erikjan Koopmans

Ik haw my yn it foar net tefolle ferdjippe yn de foarstelling. Ik lit my graach ferrasse. Dochs is it wol handich om je in bytsje yn te lêzen, om it ferhaal better te begripen. Komponist Sytze Pruiksma liet him foar dizze foarstelling ynspirearje troch it gedicht Conference of the Birds, dat yn de 12de iuw skreaun waard troch de Perzyske dichter Abu Hamid bin Ibrahim Abu Bakr. Yn dat ferhaal komme alle fûgels fan de wrâld byinoar om te sykjen nei it hôf fan Simoerg, de kening fan de fûgels. Om him te finen moatte se earst in swiere tocht oer sân falleien meitsje. Dêrby stean leafde, kunde, ûnthechtsjen, ienheid, ferbjustering, lijen en de dea sintraal.

Foto: Erikjan Koopmans

Sûnder dy konkrete foarkennis wurdt it dochs ek wol dúdlik dat de fûgels in proses trochmeitsje, dêr't ferskillende emoasjes by om de hoeke sjen komme. De muzyk en de dûnsers jouwe de sfearen fan elke fallei treffend oan. It is prachtich om te harkjen, mar ek te sjen nei it yndrukwekkende optreden fan trompettist Eric Vloeimans. De lûden passe yn de al mar tsjuster wurdende nacht. Hulde ek foar de Fryske Hafabra-orkesten, dy't as amateurs meispylje mei dizze profesjonele akteurs, dûnsers en muzikanten. It is bysûnder om te sjen, hoe't twa diriginten beide orkesten begeliede en it meiïnoar prachtich klinke litte.

Foto: Erikjan Koopmans

Je hoege net op syk nei in kening. Dy lieder, dy sit yn jesels. En dy binne je ek meiïnoar. Nim sels it inisjatyf en sykje inoar op. De al mar grutter wurdende hoemannichte michjes dy't yn de spotlights om de dûnsers en muzikanten hinne dûnsje, litte sjen: it is noch net te let!

(advertinsje)