Plysje fiert aksje: gjin bekeuringen foar foutparkearjen en wyldpisjen

09 jul 2018 - 08:00

De plysje fiert fan moandei ôf aksje. Net allinnich yn Fryslân, mar yn hiel Nederlân. De fakbûnen hawwe it hielendal hân mei de lieding fan de plysje en justysjeminister Grapperhaus. In hege wurkdruk, te min minsken en in plan om plysjeminsken fleksibeler yn te setten, hawwe der foar soarge dat it fertrouwen behoarlik skeind is. Plysjeminsken binne dêrom oproppen om gjin bonnen te skriuwen foar lytse oertrêdingen, bygelyks it fytsen sûnder ferljochting, foutparkearjen en wyldpisjen.

Foto: ANP

Ien fan de minsken dy't dy oprop docht, is vice-foarsitter Erwin Koenen fan plysjefakbûn ACP. Op in byienkomst yn Drachten wie it neffens him opfallend dat it plysjepersoniel folslein harren nocht hat fan de kwestje. Koenen: "De minister en de korpschef proberen capaciteitsproblemen, die er al langer zijn en steeds groter worden, over de ruggen van de toch al overbelaste politiemensen op te lossen en dat pikken ze niet meer."

Vice-foarsitter Erwin Koenen fan plysjefakbûn ACP oer de aksjes.

Ik loop al een tijdje mee, maar ik durf rustig te zeggen dat het een dieptepunt heeft bereikt.

Vice-foarsitter Erwin Koenen fan plysjefakbûn ACP

Neffens Koenen is it fertrouwen yn de lieding "bedroevend" leech wurden. "Ik loop al een tijdje mee, maar ik durf rustig te zeggen dat het een dieptepunt heeft bereikt." De aksjes fan no binne in earste stap, seit de vice-foarsitter fan it plysjefakbûn, mar der binne ek plannen foar oare aksjes. Wat dy ynhâlde, wol Koenen op dit stuit net sizze.

Trefwurden: 
plysje aksje CAO
(advertinsje)
(advertinsje)