Kollum: "Relaasjetest"

09 jul 2018 - 07:28

"Oer twa wiken begjint de simmerfakânsje. De perioade om efkes lekker by te kommen. Mar ék in hiel wichtich momint foar dyn relaasje, hear ik oeral om my hinne. De simmerfakânsje is dé grutte relaasjetest, sa skynt. Trije wiken lang sitte wy aanst 24/7 byinoar op 'e lippe. Dat binne 504 oerkes, haw ik útrekkene. Mear as 30.000 minuten, om oer sekonden noch mar te swijen. Mei oare wurden, dit wurdt noch wat.

Nynke van der Zee - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Ofrûne wike ha ik my ferdjippe yn de matearje om út te finen wat no krekt de drege mominten foar in relaasje binne. Mei stip op nûmer ien stiet de simmerfakânsje. Ut ûndersyk docht bliken dat it tal skiedingen ein augustus/begjin septimber mei mar leafst 20 oant 30 prosint tanimt. Op nûmer twa folgje kryst en âld en nij. En op nûmer trije fan de ultime relaasjetesten fine wy karnaval. Yn de wiken nei carnaval ha skiedingsadvokaten 10 oant 15 prosint ekstra klanten.

No lêsde ik dit rychje ris troch en neffens my ûntbrekt der noch ien wichtige relaasjetest. In test dêr't ik sels op dit stuit middenyn sit. De treprenovaasje. Trije moanne lyn is ús relaasjetest begûn, doe't ik it geniale plan krige om de trep thús oan te pakken. Al mear as 30 jier siet der ferskriklike griene flierbedekking op de trep. It seach der net út. Dus doe't ik it hûs ferline jier kocht, stie in treprenovaasje boppeoan myn to do list.

Foarsichtich luts ik begjin april oan de flierbedekking op de earste trede. Sa fêst as in hûs. Dus frege ik twa sterke mannen om de trep syn griene fachtsje út te dwaan. Yn in oerke tiid hienen se de klus klear. Mar wat der ûnder siet, wie in nachtmerje. Lymlagen sa dik as Libresse maandverband foar Heavy Days. Werklik wier; der siet genôch lym op foar in hiele basisskoalle om 40 jier memmedeikadootsjes mei te beplakken. En dan oerdriuw ik net. Oeral seach ik boppedat nietsjes glinsterjen. In stuk as 30 de treed. It wie ferskriklik.

Om in senuwynsinking foar te kommen, betocht ik dat wy de trep it bêste mar op 'e nij beklaaie litte koenen mei in modern stikje flierbedekking. En doe begûn de relaasjetest. Want de oare helte like it just sa moai ta om 'm eigenhannich op te knappen. Boppedat soe dat in leuke put wêze foar ús tegearre.

Us treprenovaasje sette útein mei it keapjen fan in pot 'Super vloerlijmafbijt'. By de kassa swarden se wakker by it guod. Dit wie dé oplossing foar elke trep. Doe't wy it prutsje op de earste treed smarden, skroeiden my it hier út de noas. It wie as hiene wy in eigen gemysk laboratoarium yn 'e hûs. Hiele dagen ha wy de doarren iepen hân om dy gemyske stank mar wer út de keet te krijen. Mar de lym bleau sitten.

Trije potten 'Super vloerlijmafbijt' fierder wiene wy noch altyd gjin sek opsketten. Dus doe ha wy de skjirmasinen mar fan stâl helle. Earst noch hiel foarsichtich, mar al rap kaam der swierder geskut oan te pas. Uteinlik ha wy mei de fleks sintimeter foar sintimeter en treed foar treed alle lym fuort slipe. Sa no en dan spatte it fjoer ús om 'e earen, as wy mei de fleks sa'n ferrekt nietsje rekken. Nei 400 stiks miende ik dat ik se der allegear wol út hie, mar se bleaunen mar weromkommen.

Yntusken binne we goed trije moanne letter en is de trep klear. Alteast, klear om farve te wurden. Dizze earste relaasjetest ha wy oerlibbe, mar wy ha besletten om efkes in break te nimmen. Yn de treprenovaasje dan, hè. Nei de simmer sille wy fierder. No earst mar fakânsje fiere. Sjen oft wy dat oerlibje."

(advertinsje)
(advertinsje)