Ferrûging Skylger dunen wurdt oanpakt

08 jul 2018 - 22:07

Op Skylge set Steatsboskbehear yn septimber útein mei maatregelen om de ynfloed fan stikstof op de natuer te werstellen. In Waadeilân as Skylge is ryk oan kriten dêr't bysûndere planten groeie. Mar dy wurde bedrige troch stikstof fan de yndustry en lânbou. Want dêrtroch ferrûget it eilân, foaral yn de dúngebieten.

Net ferrûge dunen op de Noordsvaarder. - Foto: Remco de Vries

Boskwachter Remi Hougee fan Staatsbosbeheer op Skylge

Grutste yngreep ea

Der wurdt dêrom yn septimber en oktober op grutte skaal masinaal yngrepen en wurdt it tal bunders dêr't fee de plantegroei keare moat, ferdûbele. Fan 32 bunder dún wurdt de boppeste laach ôfhelle en op 12 bunder wurdt de rûchte rotearre mei in spesjale masine. It is de grutste yngreep yn de eilanner natoer ea.

Skylgers hawwe der ek oer meiprate kinnen yn in projektgroep. De gebieten dy't sa oanpakt binne, sjogge der earst net út, mar dat lûkt stadichoan wer by.

(advertinsje)