Opnij problemen mei slachbomen brêge Burgum

08 jul 2018 - 20:37

De brêge by Burgum hie snein opnij te krijen mei in steuring. De slachbomen giene net omheech, wêrtroch't it ferkear omride moast. De steuring begûn sneintemiddei en wie in healoere letter ferholpen. In pear minuten nei't de monteurs fuort wiene, krige de brêge opnij in steuring.

Foto: De Vries Media

De brêge yn Burgum hat faker te krijen mei steuringen. Dit wykein wie der op sneon ek al in steuring. De oarsaak fan de steuringen is dat de brêge nij is, en it betsjinningssysteem is noch net hielendal goed ynregele.

Trefwurden: 
brêge Burgum steuring
(advertinsje)