35.000 minsken sjogge kulturele kettingreaksje 8ste dag

Sa'n 35.000 besikers hawwe snein yn it sintrum fan Ljouwert sjoen nei it fiif oeren duorjende spektakel 8ste dag. 8ste dag wie in kulturele kettingreaksje fan minsken, guod, masines, bouwurken en optredens. Tsientallen kulturele projekten wurken mei elkoar oan wat gruts: fan in boekedomino oant in brulloft, fan minsken oant masines.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Wrâldrekôr

By de kettingreaksje waard besocht om twa wrâldrekôrs te ferbrekken. Yn ien gefal slagge dat: in reinbôgeketting fan 2.134 meter en 53 sintimeter fan kleure plestik doppen waard 'delset' boppe de Aldehou. It foarige rekôr stie op sa'n 1.500 meter.
De twadde wrâldrekôrpoging, in boekedomino mei 12.000 omfallende boeken yn de biblioteek yn de Blokhúspoarte, mislearre. It rekôr yn it Guinness Book of World Records (10.200 boeken) bliuwt dêrom stean.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Brulloft en matrassedomino

Njonken de boekedomino, wie der ek in matrassedomino. Hjirby giene tsientallen minsken op matrassen ien foar ien om om de kettingreaksje troch te jaan. In brulloft wie ek in skeakel yn de kettingreaksje. Op it gemeentehûs trouden Anna Bekkering en Steven Pol. Fierders wie der in bisterace mei de sabeare kij Ferd 1, Ferd 2, Ferd 3 en Ferd 4 op de Nijstêd, ûnder lieding fan boargemaster Ferd Crone.

Weromsjen

De 8ste dag wie ûnderdiel fan Ljouwert-Fryslân 2018 en bestie út 47 projekten. It evenemint wie fiif oeren lang live te sjen by Omrop Fryslân. De folsleine registraasje is hjir werom te sjen: