Sanne Wevers wint op balke yn iishal

08 jul 2018 - 18:23

Turnster Sanne Wevers hat sneintemiddei by in ynterlânwedstriid it ûnderdiel balke wûn. It gong om in ynterlânwedstriid op It Hearrenfean mei Japan, België en Grut-Brittannië. De Olympysk Kampioene op balke makke har favoriterol wier.

Wevers skoarde 14.550 punten. Dat wie in stik mear as Alice Kinsella, dy't twadde waard mei 13.450 punten. Georgia-Mae Fenton einige as tredde. Wevers waard fjirde op de brêge, dy't wûn waard troch Rebecca Downie en Hatakeda Hitomie. Se skoarden beiden 13.900 punten. Wevers pakte 13.550 punten. Vera van Pol waard fiifde, Naomi Visser alfde en ien-nei-lêste.

Foto: Dijks Fotografie

Sjoch hjir nei de oefening op balke fan Sanne Wevers.

Sanne Wevers sette in flaterleaze oefening del. Se leit sels út wêrom't de oefening sa goed wie.

Lannewedstriid

Sneon waard Nederlân twadde yn it fjouwerlannetoernoai. Eythora Thorsdottir, Céline van Gerner, Sanne Wevers, Tisha Volleman en Vera van Pol skoarden 158.800 punten. Japan waard earste mei 159.600 punten, Grut-Brittannië einige as tredde mei 155.400 punten en België waard lêste mei in punte-oantal fan 130.175.

Mearkamp

Sneon wie ek de mearkamp. Naomi Visser, dy't ek turnt op It Hearrenfean waard knap twadde. De Japanner Asuka Teramoto wûn mei 54.400 punten, Visser siet der net fier efter mei 53.150 punten. Tredde waard ek in Japanner: Hitomi Hatakeda mei 52.600 punten.

"Frysk sukses"

Fan de Nederlânske turnsters wenje en traine de measten op It Hearrenfean. Sanne Wevers en Céline van Gerner dogge dat al langer, mar de noch mar 16-jierrige Naomi Visser út Papendrecht en de 24-jierrige Vera van Pol út Weert binne dêr dit jier by kaam. Se wurde traind troch Vincent Wevers (de heit fan Sanne) en José van der Veen. Bûnscoach Gerben Wiersma is ek faak op It Hearrenfean te finen. Wiersma, Wevers en Van Gerner lizze út hoe't it kin dat safolle turners foar It Hearrenfean kieze.

IIshockeyhal bysûndere turnlokaasje

De turners meie in moanne lang turnje yn de iishockeyhal fan Thialf. "It is in bysûndere lokaasje. Je sitte oeral ticht op de flier. Foar it publyk is it echt geweldich," sa seit bûnscoach Gerben Wiersma. "Mar it moaiste is noch dat we op in poadium traine kinne sa as dat aanst ek op it EK yn Glasgow it gefal is." De publike belangstelling foel snein mei sa'n 350 taskôgers wol wat ôf. Sneon wiene der 500 minsken. Der kinne 2.500 minsken yn de iishockeyhal. Folgjende wike is der wer in wedstriid. De manlju, mei ûnder oare Epke Zonderland, komme dan yn aksje tsjin België en Sweden.

Gerben Wiersma oer turnjen yn de iishockeyhal:

(advertinsje)
(advertinsje)