Partoer Van der Bos wint keatserij Boalsert

08 jul 2018 - 18:12

De oerwinning by de frije formaasjepartij fan Boalsert wie snein foar it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra. Yn de finale rûnen se mei 5-1 6-2 oer it partoer fan Bauke Triemstra, Dylan Drent en Hendrik Kootstra hinne. De lytse preemje wie foar Enno Kingma, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar. Sy ferlearen yn de heale finale mei 5-3 6-6 fan de lettere preemjewinners.

Foto: Henk Bootsma

Tjisse Steenstra waard alwer útroppen ta kening, al hie dy titel by Gert-Anne van der Bos ek op it goede plak west. Hy skoarde mei bêst opslachwurk syn partoer troch de earste omloop hinne.

Mei dizze oerwinning komt Gert-Anne van der Bos op presys 500 klassemintspunten.

De PC-kening fan ferline jier is Hendrik Kootstra. Hy helle wer ris in finale, mar syn partoer wie yn de finale kânsleas.

Trefwurden: 
keatsen
(advertinsje)
(advertinsje)