Van Heck stjoert dochs gjin ekstra help nei Tailân foar rêdingsaksje

08 jul 2018 - 17:05

It Fryske pompbedriuw Van Heck út Noardwâlde stjoert dochs gjin ekstra mankrêft en materieel nei Tailân om te helpen by de rêdingsaksje fan de Taiske fuotballers en harren trainer yn in ûnderstrûpte grot. Om't de ynset fan dûkers by de rêdingsoperaasje fan snein sa foarspoedich ferrint, is de help net mear nedich, seit in wurdfierder fan Van Heck.

Foto: ANP

Twa meiwurkers fan Van Heck soene snein mei materiaal op it fleantúch nei Tailân stappe. It bedriuw hie sels in oplossing betocht om it wetter út de grot fuort te pompen, sadat de Taiske jonges der feilich úthelle wurde koene.

"Onze directeur heeft ter plekke van de gouverneur te horen gekregen dat inmiddels enkele kinderen uit de grot zijn bevrijd. Omdat het zo voorspoedig verloopt, zijn de gouverneur en zijn technische team ervan overtuigd dat het ook met de andere kinderen gaat lukken. Dat is natuurlijk hartstikke mooi nieuws.''

Ofrûne freed fleach direkteur fan Jeroen van Heck nei Tailân om te sjen oft syn bedriuw dêr wat betsjutte kin by de rêdingsoperaasje. Der waard dêrnei in plan makke en besletten om mei ekstra mankrêft en materiaal nei Tailân te fleanen. Dat is dus no net mear nedich.

Trefwurden: 
Van Heck Tailân
(advertinsje)