Auto brânt út yn de Tjerk Hiddesstrjitte yn Ljouwert
Yn Ljouwert is sneintemiddei in auto ôfbaarnd. De auto stie parkeard oan de Tjerk Hiddesstrjitte. In omstanner seach de flammen ûnder de motorkap wei kommen en belle de brânwacht.
De plysje sette de strjitte ôf. Doe't de brânwacht kaam, stie de foarkant fan de wein al folslein yn de brân. Mei skom wie it fjoer gau út. De oarsaak fan de brân is noch ûnbekend.