8ste dag: domino troch Ljouwerter binnenstêd

08 jul 2018 - 12:52

8ste dag is in fiif oeren duorjende kulturele kettingreaksje yn de binnenstêd fan Ljouwert. It is fan 13.00 oant 18.00 oere. Tsientallen kulturele projekten wurkje mei elkoar oan wat gruts: fan in boekedomino oant in brulloft, fan minsken oant masines. Mocht der wat misgean, it team bakfyts is der foar om ferbrutsen skeakels wer te meitsjen.

Foto: De Vries Media

Yn Burgum, om 0.08 oere nachts is de Burgumer Mars begûn. In nachtlike kuier fan sa'n 20 kilometer rjochting Ljouwert mei muzyk ûnderweis.

De stoet komt om 13.30 oere oan yn de haadstêd. Om 13.58 oere binne se ien fan de skeakels yn de grutte kettingreaksje op 8ste dag.

Marijke Roskam en Miranda Werkman presintearje 8ste dag. Om 13.00 oere begûn it megaspektakel mei trommels en swarte reek op de Nijstêd. It Pasveerkorps late de besikers nei it folgjende plak en sette de dominostiennen yn aksje. Dêrnei rôle in oaljefet troch en kaam der in trekker op it Hofplein yn beweging.

In soad minsken rinne mei en ek twatûzen minsken binne oan it helpen. Marten Winters is de betinker fan 8ste dag.

Nei de skeakel 'talige-actie' wêrby't bern foarliezen, wie it de beurt oan de kappers. Op de Iewâl stienen se klear om lange flechten ôf te knippen. It hier donearje se oan Stichting Haarwens dy't it brûkt om prûken fan te meitsjen dy't troch sykte har hier ferlern ha.

Wer in folgjende skeakel gie oer 'gender', oer hy of sy, dat net tusken de skonken sit, mar yn de holle. Dêrnei moasten minsken gapje Bij de Put. Ek omstanners koenen meidwaan.

By de Aldehou stie in grutte ferrassing op it program: de grutter letters HET foelen letterlik yn in wetter, in swimbadsje. Op it plein moast in wrâldrekôr komme: in doppeketting fan mear as twa kilometer. De ketting is oer de Aldehou nei ûnderen útrôle en smiet yndie in wrâldrekôr op.

Foto: Omrop Fryslân, Andor Faber

Op dizze dei is ek in echte trouwerij: Anna Bekkering en Steven Pol trouwe, se wolle har leafde mei hiel Fryslân fiere. By it gemeentehûs is har ja-wurd is dus ek ien fan de skeakels dizze dei.

Foto: Omrop Fryslân, Andor Faber
Wêr bart wat yn it sintrum fan Ljouwert wilens de 8ste dag? - Foto: 8ste dag

8ste dag wurdt op 8 july fan 13.00 oant 18.00 oere live útstjoerd troch Omrop Fryslân. Sjoch it programma op TV, Omropfryslan.nl op de Omrop-app.

8ste dag is in ûnderdiel fan LF2018.

Trefwurden: 
LF2018 8ste Dag
(advertinsje)