Nyck de Vries wer sânde yn Formule 2

Nyck de Vries is snein op it sirkwy fan Silverstone sânde wurden yn de sprintrace fan de Formule 2. Hy hie in in startposysje op it twadde plak. De autokoereur út Twellingea wie sneon ek nei in sânde plak riden yn de haadrace.
Nyck de Vries © www.orange-pictures.nl
Maximilian Günther út Dútslân wûn de sprintrace op Silverstone, foar de Britten George Russell en Lando Norris.
De 23-jierrige De Vries, dy't earder dit jier wol de sprintrace wûn op it Frânske sirkwy Paul Ricard, stiet yn de stân om it WK ek sânde.