Portret fan in doarp: Reduzum

08 jul 2018 - 10:18

Reduzum is it earste doarp dêr't it radioprogramma Buro de Vries delstrykt dizze simmer. In foarútstribjend doarp mei likernôch 1100 ynwenners.

Doarpsboerd fan Reduzum - Foto: Omrop Fryslân

Ein jierren '80 seach it der net goed út foar Reduzum. It tal ynwenners gong nei ûnderen, 15 wenningen kamen leech te stean en it tal bern op de basisskoalle waard minder en minder. Doarpsbelang sette de skouders derûnder. Der moasten nije huzen boud wurde sadat de trochstream yn it doarp op gong komme koe.

Fiif ynwenners wienen ree om te ynvestearjen en de tsjerke stelde tsjin in freonepryske grûn beskikber. Betingst fan de tsjerke wie wol dat de eventuele winst werom yn it doarp stutsen wurde moast. It projekt waard in grut sukses en mei de winst waarden ferskillende projekten yn it doarp finanseare.

De wynmûne fan Reduzum - Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies

Doarpsmûne

Reduzum wie it earste doarp mei in eigen doarpsmûne. Al mear as 20 jier stiet de wynmûne yn it lân tsjinoer de Blauwe Tinte. De mûne is oan ferfanging ta, mar dat keallet swier. De provinsje stiet net ta dat der in gruttere wynmûne delset wurdt. De gemeente Ljouwert fynt dat de provinsje wol in útsûndering meitsje kin foar de Redústers. In juridyske striid hjiroer is noch altyd dwaande.

De 'rotte kies' fan Reduzum: De Greidhôf - Foto: Omrop Fryslân

Rotte kies

Om út te finen hoe't de mienskip fan Reduzum yn elkoar stekt, sjogge we op ferskate plakken. De 93-jierrige Fokke Reitsma leit út hoe't hy noch altyd op himsels wenje kin. Hoe komt it dat it doarp sokke moaie sportfoarsjenningen hat en wat moatte se oan mei harren 'rotte kies'; it gebou fan de Greidhôf.

De skiednis fan in doarp kin ús fertelle hoe't in mienskip wurden is sa't se is. Hat yn Reduzum de kommunistyske dûmny Boers dêr begjin 20ste iuw in rol yn spile?

It radioprogramma Buro de Vries sit dizze simmer op it doarpsplein. Yn dit jier fan LF 2018 giet it Buro op syk nei de ferskillende doarpsmienskippen fan Fryslân. Tsien wike lang, fan snein 8 july oant en mei snein 9 septimber, alle sneinen fan 11 oant 13 oere op 92.2 FM.

Trefwurden: 
LF2018 Buro de Vries Reduzum
(advertinsje)