Drokke nacht foar Fryske brânwacht: fiif brannen yn de provinsje

08 jul 2018 - 07:50

De brânwacht hat in ekstreem drokke sneontenacht hân mei fiif brannen ferspraat oer de provinsje. By de brannen binne gjin minsken of bisten ferwûne rekke. Brânwachtwurdfierder Ingrid Weert sprekt fan in 'hektyske nacht.'

De útslaande brân by restaurant De Twee Broertjes - Foto: Stefan Postema

Harns

Yn Harns ûntstie in útslaande brân boppe yn it dak fan restaurant De Twee Broertjes oan de Grote Bredeplaats. Mei ûnder oare twa heechwurkers waard de brân bestriden. It gebou rûn boppe-yn, dêr't wenne wurdt, in soad skea op.

Under yn it restaurant wie benammen reek- en wetterskea. De brân waard fan middelbrân al gau opskaald nei grutte brân omdat de gebouwen ticht tsjin elkoar stean yn de binnenstêd. In foarbygonger seach it krekt nei trije oere nachts en alarmearre de helptsjinsten. In spesjalisearre bedriuw siket noch út oft de asbest yn it gebou dêr ek bûten telâne kaam is.

De brânwacht by de grutte brân yn Appelskea - Foto: CAMJOmedia

Appelskea

Yn Appelskea wie in grutte, útslaande brân yn ytkafee Oud Duinenzathe. Trochdat de brânwacht der hiel gau by wie nei de melding om likernôch 3.20 oere bleau de brân beheind ta twa skuorren. It wenhûs koe rêden wurde. Wol hat it reek- en wetterskea oprûn. Der wenne ien persoan yn it hûs, dy't mei de skrik frij kaam.

In betize persoan yn Sint-Nyk hat de ynhâld fan syn appartement yn de tún goaid - Foto: CAMJOmedia

Sint-Nyk

Yn Sint-Nyk moast de brânwacht yn aksje komme omdat in betize persoan syn appartemint yn de brân stutsen hie. Ek hat er syn ynboel nei bûten goaid. Dy melding kaam om eefkes nei fjouwer oere moarns binnen.

Seis oare minsken moasten harren apparteminten oan De Buffer tydlik ferlitte. De betize persoan is troch de plysje meinaam foar ûndersyk. It appartemint fan de persoan hat behoarlik skea oprûn. De oare bewenners koene wer werom nei harren hûs.

In soad fjoer by in skuorrebrân yn De Pein - Foto: Srfotografie

De Pein

Op De Pein oan de Leyensloane wie de ynset fan de brânwacht hurd nedich om foar te kommen dat in útslaande brân yn in skuorre oersloech nei in skuorre en wenning dêrneist. De earste melding kaam om likernôch 1.45 oere binnen. De brân wie gau ûnder kontrôle wêrtroch't dy beheind bleaun is ta de iene skuorre.

Eagmaryp

De earste behoarlik grutte brân begûn om 23.30 oere oan de Graverij yn Eagmaryp. Dêr ûntstie brân yn it melklokaal fan in stâl. De brân is beheind bleaun ta dy stâl dêr't gjin bisten yn sieten. De brânwacht wist foar te kommen dat it fjoer nei oare gebouwen oersloech. Omwenners waard wol frege om ruten te sluten, want der kaam in soad reek ôf.

(advertinsje)
(advertinsje)