Twa ferwûnen by frontale oanriding op Lauwersseewei by Dokkum

08 jul 2018 - 07:25

Op de Lauwersseewei (N361) by Dokkum hat sneontenacht om 00:45 oere hinne in frontale oanriding west.

Foto: De Vries Media

By oankomst fan de helptsjinsten lei in slachtoffer yn de berm. Dy persoan is mei spoed oerbrocht nei it Ljouwerter sikehûs MCL. It oare slachtoffer siet noch yn syn auto en is ek nei it MCL brocht.

De plysje ûndersiket de tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
plysje ûngelok Dokkum N361
(advertinsje)