Omrop TIP: 8ste dag live te folgjen by Omrop Fryslân

08 jul 2018 - 07:08

Hoewol't it hiele jier spesjaal is foar ús provinsje en de haadstêd wurdt 8 july 2018 in ekstra spesjale dei foar Ljouwert. Dan soarget it projekt '8ste dag' as ûnderdiel fan LF2018 foar in fiif oeren duorjende kulturele kettingreaksje yn de binnenstêd fan Ljouwert. Tsientallen kulturele projekten wurkje mei elkoar oan wat gruts. Falt der wat stil? Dan stiet alles stil! Omrop Fryslân folget dat spektakel. Fan in boekedomino oant in brulloft, fan minsken oant masines, wy binne derby, fiif oeren lang.

Foto: Omrop Fryslan

8ste dag wurdt op 8 july fan 13.00 oant 18.00 oere live útstjoerd troch Omrop Fryslân. Sjoch it programma op TV, Omropfryslan.nl op de Omrop-app. Dyn appke op TV werom sjen? Stjoer in berjocht fia de Omrop-app ûnder de útstjoering en hy komt foarby!

Trefwurden: 
LF2018 8ste Dag
(advertinsje)