Potfiskfontein Harns bekladde
De potfiskfontein yn Harns is dit wykein bekladde. Op de 18 meter lange fontein yn de foarm fan in potfisk, stiet sûnt dit wykein de tekst 'Free Willy'. Dat melde Harlingen Boeit en de Harlinger Courant. It is noch ûnbekend wa't de potfisk fan de graffity foarsjoen hat.
De potfiskfontein yn Harns is ûnderdiel fan it LF2018 projekt 11Fountains. Earder waard de mistfontein yn Ljouwert bekladde mei farve.