Nyck de Vries sânde yn Formule 2-race op Silverstone

Autokoereur Nyck de Vries fan Twellingea hat sneon in sânde plak behelle yn de earste F2-race fan it wykein op it Silverstone-sirkwy yn Ingelân. De Vries starte fan plak alve en skode de iene nei de oare koereur foarby. Hy mingde him sels yn de striid om de top 5 posysjes, mar moast úteinlik tefreden wêze mei it sânde plak.
Dit betsjut wol in startposysje op it twadde plak by de twadde race fan it wykein op snein.