Lykspul SC Hearrenfean yn oefenpot tsjin Borussia Mönchengladbach ûnder 23

Sportklup Hearrenfean hat sneontejûn gelykspile tsjin Borussia Mönchengladbach ûnder 23. Yn Langsweagen waard it 3-3. De Feanster doelpunten waarden makke troch Michel Vlap, Sam Lammers en Marco Rojas.
Sam Lammers © www.dijksfotografie.nl
By it skoft stie it 2-2. Borussia kaam op foarsprong, mar Michel Vlap makke rap dêrnei de 1-1 en nijkommer Sam Lammers de 2-1. Krekt foar rêst krige Borussia in strafskop, sadat it 2-2 waard.
Yn de twadde helte wie it Hearrenfean dat op foarsprong kaam. Marco Rojas tikke de 3-2 binnen, nei in foarset fan Vlap. Borussia brocht sân minuten foar it einsinjaal de 3-3 einstân op it skoareboerd. By SC Hearrenfean spile Robin Schouten fan Ajax mei as testspiler.
It duel tsjin Borussia Mönchengladbach wie de fjirde oefenwedstriid fan Hearrenfean yn de tarieding op it nije earedifyzjeseizoen. Earder wûn Hearrenfean fan Regio Súdwest, Drachtster Boys en SC Stiens.