Jaguar útbaarnd op de A31 by Marsum

07 jul 2018 - 20:31

In auto is sneontejûn folslein útbaarnd op de A31 by Marsum. Troch noch ûnbekende oarsaak ûntstie der brân yn de auto.

Foto: Robert Jan Boon

De twa ynsittenden rûkten de brân en setten harren Jaguar oan de kant fan de dyk. Doe die bliken dat der fjoer ûnder de auto weikaam. Se hawwe de brânwacht warskôge, dy't it fjoer blust hat. Der koe lykwols net mear foarkaam wurde dat de auto folslein útbaarnde.

De ôfrit fan Ljouwert rjochting Harns by Marsum waard in skoftke ôfsletten foar ferkear, sadat de brânwacht har wurk dwaan koe en de auto fuortsleept wurde koe.

Trefwurden: 
autobrân Marsum A31 Jaguar
(advertinsje)