IepenUP vlog: Hoe is it as Syriër yn Fryslân?

07 jul 2018 - 20:01

Fjirtjin jonge Fryske vloggers, mei allegear in hiel ferskillende achtergrûn, litte alle sneonen sjen wat sy harren ôffreegje. Alle wiken in nije vlog mei hieltyd in oar tema, mei in ûnderwerp dêr't sy har drok om meitsje. De vlogs binne ûnderdiel fan it LF2018-programma IepenUP.

Yn syn earste IepenUp vlog sette de 20-jierrige Salah Aldin Al Ayobi alles op alles om as nijkommer út Syrië de Fryske taal rapper te learen. Omdat er net sa goed Nederlânsk praat, kin Salah mar dreech oan in staazjeplak komme. Mar hy hat in plan en siket help hegerop by minister-presidint Mark Rutte en boargemaster Ferd Crone. Earst giet er mei kollega vlogger Marianne Klijnstra de strjitte op yn De Harkema om sjen te litten wat in goeie behearsking fan de taal dwaan kin.

Seis oere thús

Yn syn twadde vlog giet Salah fierder mei it learen fan de Fryske taal troch mei syn maten út de skeakelklas yn it Frysk te sjongen. Se oefenje it LF2018-liet 'Seis oere thús'. Ek hat er in ôfspraak mei boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert om oer taallessen te praten. En, Salah hat in bybaan by de Hema skoard, mar hoe is er dêr telâne kaam?

IepenUP vlogger Salah - Foto: Omrop Fryslân

De 20-jierrige Salah komt út Latakia, Syrië, mar wennet no yn Fryslân. Hy hat as doel om úteinlik maatskiplik wurker te wurden, mar wol op it stuit ek syn vlog-kwaliteiten ferbetterje. Hjirfoar hat er ferlet fan bettere kennis fan de Nederlânske en Fryske taal.

Alle vloggers stelle harren foar op de webside fan IepenUP. IepenUP Vloggers is in projekt fan IepenUP en LF2018 en wurdt mei mooglik makke troch Omrop Fryslân en it Stimuleringsfonds voor de Journalistiek.

Trefwurden: 
LF2018 IepenUP vlog
(advertinsje)
(advertinsje)