Tekoart by Frysk Museum

© Omrop Fryslân
It Frysk Museum hat takom jier in tekoart fan trije ton. Sûnt begjin maaie is it museum neist de besteande húsfesting oan de Twabaksmerk ek eigner fan de nijbou oan it Ljouwerter Saailân. Der binne dûbele hypoteeklêsten. It museum wurdt ek fiif prosint koarte op de provinsjale subsydzje.
It tekoart yn 2012 wurdt út reserves bekostige. Om mear ynkomsten te krijen komt in kampanje om mear partikuliere en saaklike sponsoaren te lûken.