FIDEO: Moai waar op drokbesocht MadNes festival

07 jul 2018 - 17:02

It Amelân belibbet dit wykein in suksesfolle edysje fan it festival MadNes. Fansels spilet it moaie waar dêrby ek in wichtige rol.

Folle grutter as no sil it MadNes festival op It Amelân net wurde, sa seit de organisaasje. It festival wurdt hâlden fan 6 oant en mei 8 july en op dizze edysje rinne der sa'n 5.000 minsken op it strân om.

Drokte op it strân. - Foto: Afke Boven, Omrop Fryslân

Mear minsken betsjut gelyk dat der op it mêd fan akkommodaasje en iten problemen oplost wurde moatte. En dêrby komt noch dat de organisaasje it lytsskalige karakter fan MadNes behâlde wol. Dat betsjut net dat it festival gjin nije saken besiket út te finen. It tal sporten is dit jier ek wer útwreide mei bygelyks in bowlingbaan.

Trefwurden: 
festival It Amelân MadNes
(advertinsje)