Spilers Cambuur ferrasse fans op Iepen Dei troch tokkeljend it stadion binnen te kommen

Supporters fan Sportklup Cambuur koene sneon harren hert wer ophelje by de Iepen Dei fan de earste difyzjeklup út Ljouwert. Hûnderten fans kamen nei it stadion om op de foto te gean mei de spilers, in rûnlieding te krijen troch it stadion, of om it tenu te keapjen foar it nije seizoen.
3. Iepen dei Cambuur
De nije Cambuur-spilers waarden op spektakulêre wize presintearre oan de fans; se kamen ien foar ien tokkeljend it stadion binnen. Der wie foar de supporters fierders gelegenheid om hantekens te skoaren en troch it stadion te strunen.
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Kwa fuotbal hat Cambuur in goede start makke. De Ljouwerters wûnen freedtejûn de earste oefenpot fan it nije seizoen mei 15-0 fan DTD.
De spilers kamen tokkeljend it stadion yn © Omrop Fryslân, Marijke de Boer