Direkteur Van Heck besjocht yn Tailân wat er dwaan kin

07 jul 2018 - 13:56

Direkteur Jeroen van Heck fan pompbedriuw Van Heck út Noardwâlde is sneon oankommen yn Tailân. Hy is ûnderweis nei de ûnderstrûpte grot dêr't de Taiske fuotballerkes mei har coach fêst sitte.

UPDATE: NOS-korrespondinte Marieke de Vries twitteret dat Jeroen van Heck fan de Taiske rampebestriding te hearren krigen hat dat syn grutte wetterpompen net mear nedich binne. Sûnt in pear oeren ha se it earste part fan de grot ûnder kontrôle mei har eigen pompen.

Wol is der ferlet fan in spesjalistyske oplossing om it wetter dat yn legere parten stiet omheech te pompen om it nei de útgong streame te litten. Dat soe Van Heck wol dwaan kinne, ferwachtet er.

Foto: ANP

It Fryske bedriuw is frege te helpen by it befrijen fan de jonges. "Het is technisch een complex verhaal" leit wurdfierder Edwin Righart út.

Jeroen Van Heck wol sneon noch fuort sjen by de grot om te besjen op watfoar manier de fuotballers it bêste holpen wurde kinne. Dat moat fluch barre, om't de soerstof yn de grot beheind is. "Jeroen kijkt of het haalbaar en mogelijk is om de grot leeg te pompen."

Edwin Righart, wurdfierder fan Van Heck

Underwilens wurdt yn Noardwâlde besocht safolle mooglik ta te rieden. Yngenieurs binne dwaande mei it klearsetten fan materiaal dat nedich wêze kin yn Tailân. Al is dat foarearst dreech yn te skatten. "Op kantoor en in de werkplaats zijn we al zaken aan het klaar maken, maar het is nog de vraag wat er precies nodig is."

Sadree't dúdlik is wat der barre moat, wurdt it materiaal ferpleatst nei Tailân. It bedriuw krijt in soad omtinken, mar "ons doel is de jongens te redden. Het zou mooi zijn als we daar een bijdrage aan kunnen leveren."

Trefwurden: 
Van Heck pompbedriuw Tailân
(advertinsje)