Wethâlder Feitsma: "Ljouwert hechtet oan festivals yn Griene Stjergebiet"

Op 'e nij wurdt de gemeente Ljouwert konfrontearre mei beswier tsjin in festival yn it Griene Stjer-gebiet. Foar de rjochter waard freed yn in koart pleit it Conference of the Birds-festival, dat sneon hâlden wurdt, oanfochten. Dat wie sûnder sukses: de rjochter liet it konsert trochgean.
© Omrop Fryslân
Likegoed bliuwt it in probleem foar de gemeente, nei alle gedachten stiet it Welcome to the Village-festival, dat oer twa wike begjint, itselde te wachtsjen. En dat wie foarich jier ek al it gefal.
"De gemeente is dermei dwaande dat it ienfâldiger wurdt om in festival te organisearjen wat fergunningen oangiet," fertelt de Ljouwerter kultuerwethâlder Sjoerd Feitsma. "Dat kin net earder as 2019 of 2020, mar dan jildt it wol foar in jier as tsien." Dan kinne de fergunningen ek noch oanfochten wurde, oer lûdsnoarmen is altyd wol diskusje.
"De gemeente hechtet oan de festivals yn it gebiet as ûnderdiel fan kultureel Ljouwert, mar sjocht ek nei de belangen fan omwenners. We sjogge altyd oft it ferantwurde is."
Wethâlder Sjoerd Feitsma