Kûbaard hellet âld papier fossylfrij op, mei hynder-en-wein

Yn Kûbaard is sneon it âld papier ophelle mei hynder-en-wein. Dat barde yn it ramt fan de Elfwegentocht, it fossylfrije evenemint. Dêrfoar binne ek noch in pream, hânkarren en in trekker op blauwe disel brûkt.
Kûbaard hellet âld papier fossylfrij op, mei hynder-en-wein
It doarp wol sa sjen litte dat it opheljen fan papier ek sûnder fossile brânstof kin. It wie 37 jier lyn dat it papier op dizze wize ophelle waard, de kâns is lykwols lyts dat se dit yn de takomst faker dwaan sille, al wurdt it wol besocht.
It papier by de dyk wurdt ophelle. © Remco de Vries, Omrop Fryslân
Remco de Vries wie derby