Trije jonges binne oanhâlden foar bommelding Abe Lenstra Stadion

07 jul 2018 - 11:09

Trije jonges fan 13 en 15 jier út Limburch binne oanhâlden foar de bommelding op it Abe Lenstra Stadion op It Hearrenfean. De plysje is it trio op it spoar kaam nei ûndersyk fan de telefoangegevens.

Neffens de plysje is it in grap dy't út de hân rûn is. Tiisdei is der, sa meldt de plysje no, yn in telefoanysk kontakt mei it stadion oankundige dat der de folgjende dei in bom yn it stadion ûntploffe soe.

"We ha alles op alles set om se te finen" seit plysjewurdfierder Anne van der Meer. Neffens him soe SC Hearrenfean in 'willekeurig' doelwyt. De trije jonges binne nei it plysjeburo brocht en dêr heard. Dêrnei binne se nei hûs stjoerd. It is n oan justysje om út te meitsjen wat der barre moat.

Op woansdei is it stadion en Sportstad Heerenveen ôfsletten en trochsocht mei speurhûnen. Ek learlingen fan it Friesland College op It Hearrenfean wienen troch de skoallieding nei hûs stjoerd. Oan it begjin fan de middei koe it gebiet wer frijjûn wurde.

Algemien direkteur Luuc Eisenga fan SC Hearrenfean reagearret ferromme op de oanhâldingen. "We zijn blij dat de politie erin geslaagd is snel te achterhalen wie er achter de bommelding zit. De veiligheid van onze medewerkers en onze bezoekers staat altijd voorop. We gaan ons nog beraden op het verhalen van de schade.''

Anne van der Meer fan de plysje

(advertinsje)