Kampanje om húsdokters nei Fryslân te heljen docht fertuten

07 jul 2018 - 10:31

De kampanje om húsdokters nei Fryslân te heljen docht fertuten. Dat meldt de provinsje. Trije moanne nei't de kampanje '11huisartsen' úteinset is, wolle fiif húsdokters mooglik in praktyk yn Fryslân oernimme.

Foto: Omrop Fryslân

Ien húsdokter wol op koarte termyn al oan de slach, de oaren oriïntearje har op de mooglikheden. Yn Fryslân is in grut tekoart oan húsdokters. De kampanje is troch de provinsje en de Fryske Húsdoktersferiening opset om dêr wat oan te dwaan.

Mei de kampanje moatte de kommende twa jier yn totaal 22 nije húsdokters nei Fryslân komme. In soad húsdokters fan no sille binnen in pear jier mei pensjoen of hâlde op.

Trefwurden: 
kampanje húsdokter
(advertinsje)
(advertinsje)