Buro de Vries op it doarpsplein: hoe stekt it doarp yn elkoar?

07 jul 2018 - 10:30

Buro de Vries, it nijsgjirrige radioprogramma fan de sneintemoarn sit dizze simmer net yn de studio, mar giet de provinsje yn! We sykje de minsken op it doarpsplein op. Aukje de Hoop, redakteur/ferslachjouwer leit út.

Wat docht Buro de Vries yn de simmer?

"Buro de Vries sit dizze simmer op it doarpsplein. Yn dit jier fan LF2018 sille we op syk nei de doarpsmienskip."

Wat dogge jim yn dy doarpen?

"Doarpsbewenners fertelle ús hoe't it doarp yn elkoar stekt, hoe't it doarp wurden is ta wat it no is. Is der noch in kafee? Sa net, wat is dan it sintrale punt fan it doarp? By de âldste bewenner fine we út hoe't hy of sy dêr noch selsstannich wenje kin. Kinne we wat fakânsje fiere yn it doarp, wat te dwaan mei de rotte kies en hoe sjocht men nei de takomst?"

Foar hokker doarpen kieze jim en op basis wêrfan meitsje jim dy kar?

"Fryslân hat mear as 400 doarpen en we kinne dizze simmer mar nei 10 ta. We ha sjoen nei watfoar doarp it is, we wolle in sa grut mooglik ferskaat oan doarpsmienskippen foar it ljocht bringe. We ha fansels ek sjoen nei de regionale sprieding fan de doarpen. Sa sitte we bygelyks yn Molkwar, Houtigehage, Hantum en Winaam."

Wat kinne we yn de earste ôflevering ferwachtsje?

"We sette snein útein yn Reduzum, in treffend foarbyld fan mienskip. Witsto dat se dêr yn de jierren '90 harren eigen wenwyk opset hawwe? In unyk projekt dêr't it doarp op allerhanne wize profyt fan hân hat. Hiel aktueel is de kwestje mei de doarpsmûne yn Reduzum, en it suksesfolle lokaasje-teäterstik 'Oeds fan fierwei', dat dêr dizze dagen spile wurdt. Fansels sjogge we ek oft der wat muzyk yn it doarp sit. Dat hearre we efter de tsjerke, yn de studio fan Sytse Broersma, basgitarist fan De Kast."

Wannear begjint de reguliere programmearring wer?

"We meitsje mei-inoar 10 ôfleveringen fan 'Buro de Vries op it doarpsplein'. Snein 16 septimber binne we der wer mei ús reguliere programma."

Buro de Vries is alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere te beharkjen op 92.2FM, fia Omropfryslan.nl en fia de Omrop-app.

(advertinsje)
(advertinsje)