Drachtster wenning beskeadige troch brânstichting

07 jul 2018 - 09:36
Foto: Srfotografie

Yn Drachten is freedtenacht troch brânstichting skea oanrjochte oan in wente oan de Spitael. Omwenners hearden om trije oere hinne twa lûde knallen oan de foar- en achterside fan de wenning. Ruten sprongen en oan de achterside rûnen de garaazje en in auto skea op.

De bewenner en in buorman koenen mei in túnslang foarkomme dat der gruttere skea troch brân ûntstie. Yn de tún binne de restanten fan in jerrycan fûn. De plysje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
Drachten brân
(advertinsje)
(advertinsje)