Bosma skreau in boek oer de skiednis fan de otter

07 jul 2018 - 09:26

Harrie Bosma folget de otter al jierren en hy hat der no ek in boek oer skreaun. Santjin jier lyn wie de otter net mear yn Fryslân. It bist wie útstoarn, mar is mei sukses werom yntrodusearre.

"Der binne no sa'n fyftich otters yn de provinsje," fertelt er. Hy is al jierren fan fan it bist. "Hy is fluch en skou, ik fyn it nijsgjirrich om syn spoar te folgjen." Troch syn wurk by Wetterskip Fryslân is er in soad op it wetter. Hy is ek fertsjintwurdiger fan de Zoogdierenvereniging yn Fryslân.

Harrie Bosma

Trochdat it wetter hieltyd skjinner wurden is, kin de otter hjir libje. In soad otters binne de lêste jierren deariden en dat bart noch altyd. "Elke deade is ien tefolle." Bosma sjocht wol in groei, mar it giet stadich.

It boek is útbrocht by útjouwerij Bornmeer en hyt 'De Otter. Van uitsterven tot nieuw begin'. Dêryn skriuwt er ûnder oare oer de skiednis.

Trefwurden: 
boek otter Harrie Bosma
(advertinsje)