Elfwegentocht is in sukses: "It komt mear by minsken yn de holle"

07 jul 2018 - 08:34
Elfwegentocht - Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

"De earste wike is poerbêst gien, it wie in suksesfolle wike," fertelt projektlieder Tsjeard Hofstra tefreden. Twa wiken is Fryslân fossylfrij. "Benammen de inisjativen fan lytse mienskippen fyn ik moai. Sa helje se sneon yn Kûbaard it âld papier fossylfrij op, mei in bakfyts en hynder-en-wein. Yn tal fan doarpen binne sokke inisjativen ûntstien en ûntsteane ek no geandewei dizze twa wiken."

Tsjeard Hofstra oer de Elfwegentocht

Hy fernimt dat minsken har mear bewust wurde fan de skealike gefolgen fan fossile brânstoffen foar it miljeu. "Se sizze tsjin my dat se mear duorsum dwaande binne en faker de fyts pakke, troch dizze aksje begjinne se nei te tinken en fine dat it oars moat. It komt by minsken yn de holle, en dêr moatte we nei ta. Minsken moatte der earst kennis fan krije en de needsaak sjen foardat se aksje ûndernimme."

Parade

Kommende wike steane noch tal fan aktiviteiten op it programma, lykas in rûntsje troch de provinsje mei tal fan alternative ferfiersmiddels op snein, in dei thúswurkje en oare provinsjes komme del om te sjen. "It slotstik is snein 14 july, dan ha we de grutte parade." Elk kin meidwaan op de Wâldwei om duorsum fan Drachten nei Ljouwert te reizgjen.

(advertinsje)