Kollum: "Oanslach"

Ik wol jim graach it folgjende nijsberjocht foarlêze.
Justernacht hat immen mei in bestelbuske besocht troch de foargevel fan it gebou fan Omrop Fryslân te riden. Dêrnei hat de dieder de auto yn 'e brân stutsen. Om dizze aksje út te fieren moatte je wol wat muoite dwaan, de yngong fan de Omrop is goed befeilige mei swiere betonpeallen.
Ferdinand de Jong © Omrop Fryslân
De kollum fan Ferdinand de Jong
Op kamerabylden is te sjen dat de sjauffeur fan de Zuiderkruisweg ôf hiel kalm de oprit fan de Omrop yndraait en dan mei gong de gevel ramt. As it de earste kear net slagget om der trochhinne te kommen, rydt de dieder achterút en herhellet syn aksje. As it buske heal troch de foargevel bedarre is, stapt de man út, docht de achterdoar fan it buske iepen en stekt de wein yn de brân.
Dêrnei rint er kalm nei de dyk en stapt oan de passazjierskant yn in swarte Audi, dy't mei draaiende motor stiet te wachtsjen. Dêrnei ferdwine se yn de rjochting fan it sintrum fan Ljouwert. By de oanslach rekket nimmen ferwûne, wol is der grutte reek- en wetterskea yn it gebou en kin de redaksje dêrtroch in dei net brûkt wurde
Op deselde dei is yn Drachten in gearkomste yn De Lawei. Alle boargemasters fan Fryslân en Grinslân wurde bypraat oer in net neier te neamen wichtich ûnderwerp. De presintator fan de jûn kundiget in ferneamde Grinzer skriuwer oan en hellet yn dy oankundiging even it slimme foarfan fan de nacht dêrfoar oan. 'Wat een toestand met die aanslag, vindt u ook niet?'
De Grinzer skriuwer antwurdet: 'Ach, een aanslag op Fraizen? Dat hadden ze veel eerder moeten doen, ja.'
Wat tinke jim. Soe de seal dan slop fan it laitsjen wêze? Nee, dochs? Of dochs wol?
It is net út te sluten dat se wol gnize. Jim ha it dizze wike sels meimakke. Litte we foarop stelle dat ik De Telegraaf net lês. Mar dat docht neat ôf oan it feit dat it in sjoernalistike ynstânsje is. Je kinne it wol as net mei harren wize fan wurkjen iens wêze, it bliuwt in sjoernalistyk bedriuw. Krekt as it satiryske Charlie Hebdo dat wie doe't dêr in oanslach op útfierd waard.
Doe wie de wrâld te lyts, no, yn dit Telegraaf-gefal liet kultureel elitêr Nederlân him wer even fan syn alderlytste, neare, bedompte en mislikmeitsjende kant sjen doe't skriuwer Tommy Wieringa miende dat er dit mei de Telegraaf wol even mei in waardeloaze grap bagatellisearje koe. Hy sei krekt itselde as wat ik krekt yn it nepberjochtsje sei. 'In oanslach op de Telegraaf? Dat hienen se folle earder dwaan moatten.'
De hiele seal lei slop fan it gnizen en klapte yn de hannen. Wat in bak. Mar, wat soe Wieringa sein ha as se by de gebouwen fan de NDC of by De Volkskrant itselde flikt hienen? Hie er dan as oanfierder fan it frije wurd yn alle lulprogramma's op de NPO syn beklach dien en sein dat se de loeders fan dieders oan de heechste peal ophingje moasten? Ik slút it net út.
Of moatte der miskien earst in pear deaden falle om it slim genôch te meitsjen foar in feroardieling?