Robien behellet nei flater dochs har gymnasiumdiploma

It sil je mar oerkomme: hereksamen dwaan moatte en dêr dan op ien tsiende foar sakje. Robien Akkerman fan Ljouwert tocht dat it har oerkaam. Mar de Ljouwerter studinte fan it Stedelijk Gymnasium yn Ljouwert wie sa tûk om har eksamen yn te sjen en de punten te kontrolearjen. En sa kaam sy derefter dat de skoalle in flater makke hie, wêrtroch't se no dochs noch slagge is.
Robien behellet nei flater dochs har gymnasiumdiploma
De skoalle hie Robien by ien eksamenfraach gjin punten takend, ta har grutte ferrassing. Se kaarte dit oan by har skoalle, dy't har de punten doe dochs noch joech. Troch dy punten, gie har sifer genôch omheech om dochs te slagjen foar it hereksamen.
De flagge kin no út by de famylje Akkerman en dêr is Robien tige bliid én ferromme oer. "Ik ben blij dat ik er zelf achter ben gekomen, en dat het uiteindelijk goedgekomen is." De oankommend student wol net ien de skuld jaan fan de flater. "Het blijft natuurlijk mensenwerk, en ik verwijt het niemand."
© Omrop Fryslân, Maarten Bruining
Robien Akkerman