Boargemaster Albert de Hoop riddere by syn ôfskied fan It Amelân

06 jul 2018 - 21:27

By syn ôfskie fan de gemeente It Amelân is boargemaster Albert de Hoop freedtemiddei beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Hy hat de fersiersels krigen út hannen fan kommissaris fan 'e Kening Arno Brok. Mei in perioade fan tolve jier is De Hoop de langstsittende nei-oarlochske boargemaster fan it eilân.

Albert de Hoop - Foto: Omrop Fryslân

Belutsen boargemaster

Kommissaris Brok neamde boargemaster De Hoop in belutsen boargemaster, dy't troch syn entûsjasme in soad minsken mei krigen hat en dêrtroch in soad op It Amelân berikke koe. It is suver wis dat it eilân yn 2020 klimaatneutraal is, ûnder oare mei tank oan in grut sinnepark. Ek sette er him yn om de gefaren oan de noardkant fan de eilannen foar de skipfeart te beheinen. Under syn lieding kaam der in formele gearwurking tusken alle Waadeilannen.

De Hoop naam ferline jier it beslút om nei twa amtsperioaden op te hâlden op it eilân. Yn syn plak komt foarearst in waarnimmend boargemaster. Ynkoarten is bekend wa't dat wêze sil.

KIMO

De Keninklike ûnderskieding hat De Hoop net allinne foar syn wurk as boargemaster krigen, mar ek foar alle oare aktiviteiten dy't er hjirnjonken die. Sa wie er jierrenlang foarsitter fan de ynternasjonale miljeuorganisaasje KIMO, dêr 't 140 gemeenten yn 70 lannen by oansletten binne.

(advertinsje)
(advertinsje)