Freedsmerk oer gelok: "In hûs, freonen … Wat wolle jo noch mear?"

Neffens it CBS jout 88 prosint fan de Nederlanners him- of harsels of it mêd fan lok in sân of heger. Op de Ljouwerter freedsmerk wiene de measte minsken ek posityf.
© Omrop Fryslân, René Koster
"Ik kom wol op in acht!", sei ien. "Ik haw it finansjeel goed: in moai hûs en noflike freonen. Wat wolle jo noch mear?" Fansels wiene der ek oare lûden te hearen.
Ik kin myn ferhaal nearne mear kwyt
In besiker fan de freedsmerk dy't minder lokkich is
In, op himsels lokkich útsjende senior, fertelde oer de nije elektryske fytsen dy't hy en syn frou kocht hiene, mar dat se nea pake en beppe wurde sille, om't se sels gjin bern krije koene.
En in widner fertelde dat er it no allegearre allinnich dwaan moat en dat dêr net folle oan is. "Daliks set ik mar wer in kant-en-klear-miel op tafel en kin ik oan nimmen fertelle dat ik de Omrop-man tsjinkaam bin. Ik kin myn ferhaal nearne mear kwyt."
Dat ik vandaag in Friesland mag zijn, dat is heerlijk toch!
Immen mei in lokkige dei
De poelier wie optein dat syn frou nei wiken goed út in koma kaam is en it no de goeie kant op giet. "Dêr wurd ik lokkich fan!"
By oaren sit it lok benammen yn lytse dinkjes: it moaie waar, de boat en -sa't in toerist witte liet-: "Dat ik vandaag in Friesland mag zijn. Heerlijk toch!"
René Koster freget de minsken op de Freedsmerk nei harren lok