Cambuur wint earste oefenwedstriid mei dûbele sifers

06 jul 2018 - 20:54

De tradisjonele oefenwedstriid tusken sportklup Cambuur en VV DTD út Britsum, Koarnjum en Jelsum wie in doelpuntefestijn foar de Ljouwerters. Cambuur wûn de pot mei mar leafst 15-0. Foar de Ljouwerters wie it de earste test fan it nije seizoen.

De oefenpot luts in soad publyk, dat fuort fan it begjin ôf oan genietsje koe fan in soad doelpunten. Al nei twa minuten setten de Ljouwerters de 1-0 op it skoareboerd. Dêrnei gie it rap, en stie it mei de rêst al 9-0. De goals kamen fan Mbende, Robertha, Mathieu, Rossi en Schils. Benammen Robertha hie it nei't sin, mei yn totaal fjouwer goals yn ien helte.

Foto: Omrop Fryslân

Nei de rêst gie it ferhaal foar Cambuur gewoan fierder. Hake stjoerde hast deselde alve wer it fjild op, en de doelpunten lieten opnij net lang op har wachtsje. Maulun, Boerlage, Daniels, Van Kippersluis en El Baad, soargen úteinlik foar in einstân fan 0-15.

De twadde helte waard troch trainer Hake ek brûkt om syn spilers te wikseljen. Sa krigen El Baad, Daniels, Etten en Van den Beemt in kâns om wer wat wedstriidritme op te dwaan foar it nije seizoen.

(advertinsje)
(advertinsje)