Gea:út respekt net by monumint

04 nov 2011 - 13:59

It Fryske Gea is tongersdei út respekt foar Doarpsbelang Marrum en deputearre De Vries fuortbleaun by de ûntbleating fan it monumint by it Noarderleech. Dat seit direkteur Hosper.

It monumint ferwiist nei de hynders dy't fiif jier lyn yn it hege wetter fêst kamen te sitten. Dizze wike waard dúdlik dat de hynders noait op in feilige dobbe delset binne. It Fryske Gea soe saken ferkeard oanpakt ha. Om it feest net te bedjerren wie it Fryske Gea der net by.

(advertinsje)
(advertinsje)