Flylân hat it skjinste strân fan alle waadeilannen

06 jul 2018 - 20:03

It strân fan Flylân is it skjinste fan alle waadeilannen. Dat is dúdlik wurden by de jierlikse 'Strandverkiezingen'. Dy wiene ek op Flylân, omdat strânpaviljoen 't Badhuys ferline jier de priis foar it bêste strânpaviljoen wûn.

It strân - Foto: Shutterstock.com

Ynspekteurs en badgasten jouwe it strân fan Flylân in 9,1. Neffens de Flylanners boeke se dat goeie resultaat trochdat ferskate partijen goed gearwurkje om it tolve kilometer lange strân skjin te hâlden. Net allinnich de gemeente docht dat, der binne ek in soad partikuliere inisjativen.

Ouddorp wûn de priis foar it skjinste strân fan Nederlân.

(advertinsje)