Snackbarhâlder Mud set yn op fossylfrije kroketten en patat

06 jul 2018 - 19:47

By de Elfwegentocht wurde hiel wat aktiviteiten ûndernaam. Bedriuwen, skoallen, oerheden en partikulieren sykje op allerhande wizen nei oplossings om sa folle mooglik fossylfrij en ferantwurde te wurkjen en te reizgjen. In brânzje dêr't je dan miskien net as earste oan tinke is de snack-brânzje. Mar Klaas Mud fan snackbar By it Alddjip yn it Ljouwerter Techum, docht it wol.

Snackbarhâlder Klaas Mud - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

By it hearren fan de wurden 'ferantwurde kroket of frikandel sille de measte minsken earst miskien tinke oan in snack mei minder fet of minder sâlt. Mar de snacks by Mud binne op in oare wize ferantwurde. Hy docht nammentlik mei oan de Elfwegentocht, en besiket ek yn syn wurk sa min mooglik fossile brânstoffen te brûken.

Sa brûkt er bygelyks produkten dy't sa earlik mooglik produsearre binne, it leafst biologysk. Dêrnjonken wurdt der ek sjoen nei produkten mei sa min mooglik ferfierskilometers.

Ik wol perfoarst dat leveransiers dizze wiken it guod hjir fossylfrij bringe. Oars kinne se der wol bliuwe!

Klaas Mud, snackbarhâlder yn Techum by Ljouwert

Konkreet betsjut it beslút fan Mud dat syn patat sa farsk mooglik is, en dus net út it fabryk komt, mar fan ierappels yn 'e skyl, dy't sels hânmjittich snijd en bakt wurde ta patat.

Njonken de produkten wurdt der ek sjoen nei it ferpakkingsmateriaal dat om de snacks hinne sit. Is it bygelyks biologysk ôfbrekber. It kostet de snackbarhâlder miskien wat mear muoite, mar it smyt neffens him in soad op. Dizze wiken is er boppedat ek strang foar syn leveransiers. "Ik wol perfoarst dat se hjir it guod fossylfrij hinne bringe. Oars kinne se der wol bliuwe, ha 'k se sein!"

Harkje nei in reportaazje fan René Koster

(advertinsje)
(advertinsje)