Minder skimmels en mear alkohol, de Fryske druven dogge it goed

06 jul 2018 - 18:32

Drûchte, in langere perioade mei sinne en in aardich koeltsje: Wynboeren yn ús provinsje binne wiis mei de waarsomstannichheden. De druven rypje hurder en kinne langer hingjen bliuwe en dat is better foar de smaak. De wynboer sels hoecht ek minder tiid te besteegjen oan it opbinen fan de blêden, want dy groeie minder hurd.

En sa binne der mear foardielen fan it moaie, drûge waar. Want hoe mear sinne, hoe mear sûker de plant oanmakket en dat betsjut dat der úteinlik mear alkohol yn de wyn komt en de wyn in moaiere smaak krijt.

Je kinne it ek priuwe oan de wyn as de druven in goed seizoen hân hawwe. In soad sinneskynwaar docht wat mei de druven. Dan ûntwikkelje de smaken harren better, sa tinke se op Wijndomein De Heidepleats, flakby Sint-Nyk.

Spesjale drúf

Sawiesa ferbouwe se op de Heidepleats in drúf dy't gau groeie kin. Dy hat bygelyks grutte blêden. "Mar ast op it stuit nei de trossen sjochst dan sjochst dat it al best fier is en dat it troch it waarme waar goed groeie wol," seit wynboer Jântsje Hoogkamp.

"As it fochtich waar is, hast folle mear kâns op skimmels. Dy binne net goed foar de drúf. De folwoeksen planten binne sa lang, dy sykje mei de woartels nei it grûnwetter."

In drúf komt better op smaak mei it drûge waar fan de ôfrûne dagen. - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Dochs is it noch te betiid om te sizzen oft dit ek echt in topjier wurdt foar de wynboeren yn Fryslân. "Pas as de drúf plukt is kinne je dat pas sizze. It is fansels wol sa dat in goed begjin it heale wurk betsjut. We hawwe no al wol in hiel soad foardielen te pakken."

Bedrigingen

Dochs binne der ek genôch bedrigingen. "Yn Nederlân hawwe dochs in hiel bot lêst fan fûgels, benammen protters. Ek de Suzuki-fruit-mich makket it de wynboeren lestich."

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

De Heidepleats is oertsjûge fan it feit datst goed wyn meitsje kinst fan Fryske druven. "Fansels hawwe je mear bedrigings hjirre, benammen troch it waar en de omjouwing. Do hâldst bygelyks de skimmels. Mar oant no ta yn de tsien jier dat wy ús bedriuw hawwe kinne wy alle jierren wer moaie wyn meitsje. Dêrmei is it bewiis al jûn dat hjir ek druven ferbouwe kinst om lekkere wyn fan te meitsjen."

(advertinsje)
(advertinsje)