Ljouwerter frou krijt straf om't se boargemaster it lân út hawwe wol

06 jul 2018 - 18:23

In frou (54) út Ljouwert hat in wurkstraf fan tsien oeren krigen omdat se boargemaster Harald Bergmann fan Middelburg misledige hat. Se wie lulk omdat de boargemaster in man út Middelburg út syn hûs sette litten hie.

Rjochter - Foto: Shutterstock.com

By de man út Middelburg wie thús himp fûn. Hy hat MS en soe dêrom de softdrugs brûke.

De frou út Ljouwert hie har it lot fan de man oanlutsen en hie de boargemaster yn in e-mail 'heel veel ziekte, narigheid en pijn' tawinske. Se hie ek in link lein mei nazipraktiken en sein dat de namme fan de boargemaster Dútsk klonk en dat er op it earstfolgjende fleantúch nei syn 'eigen lân' set wurde moast. 'Als allochtone burgemeester dient u niet het belang van Nederland'.

Skrokken

De frou seit dat se achterôf bot skrokken is fan wat se skreaun hat. 'Ik ben als een feeks tekeergegaan', sei se tsjin de rjochter. Der wie in boete fan 250 euro tsjin har easke, mar omdat se der finansjeel min foar stiet, krige de frou in wurkstraf.

(advertinsje)
(advertinsje)